Lieuwe Westra knapt op

30 aug 2013 - 14:50
  • Lieuwe Westra

Hurdfytser Lieuwe Westra fan 'e Tynje is siik oan de Vuelta begûn dy't no ferriden wurdt. Westra hat tongersdei syn bloed prikke litten yn it sikehûs om te sjen wat der oan de hân is. Hy tinkt sels dat er it firus yn it fleantúch nei Spanje ta oprûn hat. Westra wie de earste wike benammen achteryn it peloton te finen. Nei 6 etappes stiet Lieuwe Westra op it 190ste plak yn it algemien klassemint, op 48 minuten en 11 tellen fan lieder Vicenzo Nibali út Italië. Freed fytst Westra de sânde etappe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)