Lieuwe Westra kin nei Astana

16 jul 2013 - 08:59
  • Lieuwe Westra

Hurdfytser Lieuwe Westra kin in kontrakt tekenje by Astana. De Kazakske ploech wol him foar twa jier fêstlizze. It kontrakt fan Westra by Vacansoleil rint ôf en dy ploech hâldt nei dit seizoen mooglik op te bestean.

Oare ploegen soene ek ynteresse hawwe foar Westra, dy't dit jier foar de twadde kear Nederlânsk kampioen tiidriden waard. De hurdfytser sels kin en mei noch neat sizze oer de ynteresse fan Astana. Offisjeel meie hurdfytsers pas fan 1 augustus ôf oerstappe nei in oare ploech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)