Lieuwe Westra hurd fallen yn 17e etappe

22 jul 2015 - 15:38
  • Lieuwe Westra

Hurdfytser Lieuwe Westra fan 'e Tynje is woansdeitemiddei hurd fallen yn de 17e etappe fan de Tour de France. Hy rekke dêrtroch tydlik efterop by it peloton. Gelokkich koe de hurdfytser fan de Astana-ploech wol gewoan trochfytse. Westra hat woansdei de opdracht sa lang as mooglik by syn kopman Vincenzo Nibali te bliuwen.

De 17e etappe giet fan Digne-les-Bains nei Pra-Loup oer 161 kilometer. It is de earste fan fjouwer etappes yn de Alpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)