Lieuwe Westra fit foar Critérium du Dauphiné

06 jun 2015 - 12:00
  • Lieuwe Westra

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje is wer hielendal fit en docht snein mei oan it Critérium du Dauphiné yn Frankryk. De rittekoers wurdt sjoen as in belangrike tariedingswedstriid foar de Tour de France. Ferline jier wie Westra yn topfoarm yn de Dauphiné. Hy wûn doe de keninginne-etappe yn dizze koers.

It foarseizoen fan Lieuwe Westra ferrûn dramatysk. Hy rekke ferskate kearen belutsen by falpartijen, lykas yn de Amstel Gold Race yn april.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)