Lieuwe Westra fierwei de bêste

10 jun 2007 - 00:23
  • Lieuwe Westra

Hurdfytser Lieuwe Westra fan Mûnein hat wer ris taslein. Yn de twadde etappe, de tiidrit fan it OZ Wielerweekend, wie hy sneontejûn fierwei de bêste. Mei krapoan 50 kilometer yn de oere lei hy de 9.6 kilometer ôf. Trije spesjalisten fan de Rabobank moasten belies jaan. Yn it algemien klassemint hat Lieuwe Westra no 17 sekonden foarsprong op Martijn Maaskant.

De lêste etappe op snein is 190 km.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)