Lieuwe Westra ferlingt kontrakt by Astana

03 jul 2015 - 09:41

Lieuwe Westra stiet ek de kommende twa jier ûnder kontrakt by Astana. De hurdfytser fan De Tynje hie in ôfrinnend kontrakt by de Kazakske ploech, mar dat is no dus ferlingd. Westra hie earder al oanjûn dat er graach bliuwe woe by Astana. De ploechlieding is bliid dat de Fries langer fêstleit, sa seit direkteur Alexandr Vinokourov.

It nijs komt foar Westra yn in wichtige wike. Sneon giet de Tour de France fan start yn Utert. Westra spilet in wichtige rol: hy moat ploechgenoat Vicenzo Nibali bystean yn syn jacht nei de Tourwinst.

Ferline jier wûn Nibali de Tour de France ek al.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)