Lieuwe Westra docht wer net mei oan NK

04 maaie 2015 - 17:48
  • Lieuwe Westra

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje docht dit jier wer net mei oan it NK. Westra sit dan mei syn ploech Astana yn it bûtenlân foar in hichtestaazje. Ferline jier die er om deselde reden net mei oan it NK op de dyk en it NK tiidriden.

Westra fynt it spitich dat er net meidwaan kin yn Emmen. Mar hy begrypt dat syn ploech leaver hat dat er hurd wurket foar syn kopman Nibali, as dat er yn de trui fan de Nederlânsk kampioen rydt. Westra waard twa kear (2012 en 2013) Nederlânsk kampioen tiidriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)