Lieuwe Westra dield tredde yn klassemint Dauphiné

09 jun 2015 - 15:22
  • Lieuwe Westra

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje stiet nei de tredde etappe yn it Critérium du Dauphiné op in dield tredde plak yn it algemien klassemint, op 4 tellen fan giele truidrager Rohan Dennis út Australië. Westra waard mei syn maten fan Astana twadde yn de ploegetiidrit oer hast 25 kilometer. Winner waard it team fan BMC. Westra kaam ûnder oare mei syn kopman Vicenzo Nibali oer de streek.

It Critérium du Dauphiné jildt as in belangrike tariedingskoers foar de Tour de France, dy't op 4 july yn Utrecht útein set.

Ferline jier wûn Westra de keninginnerit yn dizze rittekoers. Ek dit jier sil Lieuwe Westra as helper fan titelferdigener Nibali mei nei de Tour de France.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)