Lieuwe Westra bliuwt op tredde plak stean yn De Panne

30 mrt 2016 - 17:24

Hurdfytser Lieuwe Westra fan 'e Tynje stiet nei de twadde dei fan de Driedaagse fan De Panne noch hieltyd tredde yn it algemien klassemint. Westra einige yn de etappe fan Zottegem nei Koksijde yn it peloton.

Winner waard Elia Viviani út Italië, foar de Dútser Marcel Kittel en klassemintslieder Alexander Kristoff út Noarwegen. Dy lêste pakte wol wat bonifikaasjesekonden, sadat Westra tongersdei 10 sekonden goedmeitsje moat op Kristoff. Twadde yn it klassemint stiet Aleksej Lutsenko, de ploechmaat fan Lieuwe Westra by Astana.

Aleksej Lutsenko stiet op 5 sekonden fan de klassemintslieder. De renners moatte tongersdei noch in etappe fan 111 kilometer ôflizze. Dêrnei wurdt de Driedaagse fan De Panne ôfsletten mei in yndividuele tiidrit fan 14 kilometer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)