Lieuwe Westra bliuwt earste

09 jul 2006 - 12:02

Hurdfytser Lieuwe Westra fan Mûnein hat sneon syn giele trui mei sukses ferdedige. Yn it 'Norsk Syklefestival 2006' waard hy sande yn de tiidrit en sechsde yn it kritearium.

Jenning Huizenga fan Frjentsjer wûn de tiidrit. Hy bleau nei tsien kilometer as iennichste ûnder de trettjin minuten. Lieuwe Westra hie 19 tellen langer wurk. Nathan Lootsma einige twa kear rûn it 40ste plak. Snein is de lêste wedstriiddei yn Noarwegen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)