Lieuwe Westra bliid mei rêst

14 jul 2014 - 21:09
  • Lieuwe Westra

Hurdfytser Lieuwe Westra is mei syn ploech Astana hurd op wei de Tour de France te winnen, no't kopman Nibali moandei opnij de giele trui pakt hat. De Italiaan wie de sterkste yn de berchetappe nei La Planche des Belles Filles yn de Vogezen. Lieuwe Westra sels spile ek in promininte rol yn de etappe. Lange tiid siet er yn de kopgroep.

De fytser út De Tynje is yn topfoarm en tige tefreden oer it ferrin fan de Tour oant no ta, mar moast him nei 70 km kopwurk fanwege it minne waar werom sakje litte yn it peleton.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)