Lieuwe Westra begjint Dauphiné mei 29e plak

07 jun 2015 - 18:10
  • Lieuwe Westra

Hurdfytser Lieuwe Westra is snein yn Albertville as 29e einige by de earste etappe fan it Critérium du Dauphiné. De winst gong nei de Ingelsman Peter Kennaugh, dy't as ienige fan in kopgroep fan seis stân wist te hâlden en solo oer de einstreek kaam. De Italiaan Sacha Modolo wûn de sprint fan it peloton en waard twadde, foar de Noar Edvald Boasson Hagen, dy't it tredde plak pakte.

Bêste Nederlanner wie Wilco Kelderman op it alfde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)