Lieuwe Westra 8e yn Parys-Nice

10 mrt 2013 - 17:08

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje is snein net op it poadium einige yn de rittekoers Parys-Nice. Yn de lêste etappe, in klimtiidrit oer 9,6 kilometer fan Nice nei de top fan de Col d'Eze, waard Westra 20e op 1.35 fan winner Richie Porte. Yn it einklassemint sakke Westra dêrmei fan it fjirde nei it achtste plak, op 2.17 fan de einwinner Richie Porte fan de Sky-ploech. Twadde yn it einklassemint waard de Amerikaan Talansky en tredde Peraud út Frankryk.

Lieuwe Westra kin mei dit resultaat syn sukses fan 2012 net werhelje yn Parys-Nice. Doe waard er twadde yn it einklassemint achter de lettere Tour de France winner Bradley Wiggins en wûn er de swierste etappe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)