Lieuwe Westra 6e yn Murcia

06 mrt 2010 - 18:45
  • Lieuwe Westra
  • Pieter Weening

Lieuwe Westra is sneon sechsde wurden yn de fjirde etappe, in tiidrit oer 22 kilometer, yn de Ronde fan Murcia. De Mûneinster dy't freed de oerwinning yn it berchklassemint al binnenhelle, moast ien minút en tsien sekonden tajaan op de Tsjechyske winner Frantisek Rabon. Pieter Weening fan De Harkema waard fjirtjinde op 1.41.

Rabon naam troch de winst ek de lieding oer yn it algemien klassemint. Pieter Weening stiet achtste, Lieuwe Westra 48ste. Snein is de lêste etappe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)