Lieuwe Westra 5e yn Mergelland

06 apr 2008 - 00:29
  • Lieuwe Westra 5e yn 'Hel van het Mergelland'.

Lieuwe Westra fan Mûnein is sneon fiifde wurden yn de klassiker "Hel van het Mergelland". Nei 185 kilometer mei min waar gong de oerwinning nei de Dútser Tony Martin fan it Team High Road, foar syn ploechmaat Adam Hansen. Dizze twa man wiene nei 20 km útnaaid.

Lieuwe Westra kaam yn Eijsden yn in groepke fan tije oer de einstreek. Dit trio hie in achterstân fan krapoan sân minuten op de winner. Der kamen mar 37 hurdfytsers yn de útslach foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)