Lieuwe Westra 3e yn Merksem

02 sep 2008 - 19:07
  • Lieuwe Westra

Lieuwe Westra is tiisdei tredde wurden yn de Schaal Sels. Dizze klassiker oer krapoan 200 kilometer troch België en Nederlân mei de einstreek yn Merksem waard wûn troch de Italjaan Elia Rigotto. Hy fersloech yn de einsprint de Sloween Kristjan Fajt. Westra wûn alve tellen letter de sprint fan de achterfolgjende groep fan sa'n 20 man.

Mei syn tredde plak ried de hurdfytser fan Mûnein syn mindere prestaasje fan ôfrûne snein - njoggende op it NK tiidriden yn Oudenbosch - út it liif.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)