Lieuwe Westra 2e yn prolooch

17 jun 2009 - 20:26
  • Lieuwe Westra

Lieuwe Westra is woansdeitejûn twadde wurden yn de prolooch fan de Ster Elektrotoer. Yn Gemert wie allinne Niki Terpstra nei 6,9 kilometer rapper as de ynwenner fan Mûnein. Terpstra kaam as iennichste ûnder de acht minuten: 7.59,09. Lieuwe Westra ried 8.01,52 en dat is 51,586 kilometer de oere. Piet Rooijakkers waard mei 8.06,27 tredde, Tom Boonen mei 8.09,55 fjirde.

De Ster Elektrotoer yn Súd-Nederlân en België duorret noch oant en mei snein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)