Lieuwe Westra 22ste yn Algarve

22 feb 2009 - 16:39

Lieuwe Westra is yn syn earste ronde as beropshurdfytser as 22ste einige yn it einklassemint. Yn de Ronde fan Algarve gong de oerwinning nei fiif etappes nei Alberto Contador. De winner fan de Ronde fan Frankryk fan 2007 en winner fan de Rondes fan Itaalje en Spanje yn 2008 hie 3 minút en 19 sekonden foarsprong op Westra.

Westra liet him benammen goed sjen yn de tiidrit oer 34 km fan sneon. Dêr waard hy alfde. Sneon rydt de ynwenner fan Mûnein de Omloop Het Nieuwsblad.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)