Lieuwe Westra 15e yn prolooch

29 apr 2014 - 20:10
  • Lieuwe Westra yn de kleuren fan Astana

Lieuwe Westra is tiisdei 15e wurden yn de prolooch fan de Ronde fan Romandië. De hurdfytser fan De Tynje hie oer 5,6 kilometer alve sekonden langer dien as de Poalske winner Michal Kwiatkowski. Rohan Dennis, Marcel Kittel en Giacomo Nizzolo einigen op fjouwer sekonden fan de winner. Yn it foar hie Westra wat minder betrouwen yn in bêste prestaasje. Dat hie te krijen mei syn fal fan krapoan in wike lyn yn de Waalse Pijl. "Power miste er voor superuitslag maar met alle wonden en hechtingen kan ik hier mee leven ", twittere Lieuwe.

De Ronde fan Romandië duorret oant en mei snein. Op dy lêste dei is der in tiidrit oer 18,5 kilometer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)