Lieuwe Westra 11e yn tiidrit

01 aug 2012 - 17:33
  • Lieuwe Westra

Lieuwe Westra fan De Tynje is woansdei as 11e einige yn de Olympyske tiidrit oer 44 kilometer. Westra wie 3 minuten en 40 tellen stadiger as winner Bradley Wiggins út Grut-Brittannië. Achter favoryt Wiggins pakten de Dútser Tony Martin en de Brit Christopher Froome sulver en brûns.

Lieuwe Westra hie yn 't foar hope op in einklassearring by de earste tsien yn it klassemint. Dat slagge dus krekt net. Westra wie wol de bêste Nederlanner. Lars Boom einige nammentlik as 22e yn it einklassemint, op 4 minuten en 50 tellen fan winner Wiggins.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)