Lieuwe sjocht ôf yn de Tour

07 jul 2013 - 18:09
  • Lieuwe Westra flak foar de start

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje hat it swier yn de tour. De Vacancesoleil-renner einige yn de etappe fan snein as 158e. Yn it klassemint stiet hy no op in 177e plak. Westra fynt him op dit stuit in soarte fan peletonfulling, hy kin gjin rol fan betsjutting spylje. Hy hat noch altyd lêst fan de gefolgen fan de fal yn de Critérium du Dauphiné. Dêrby rûn er in blessuere oan de ribben op.

Moandei is it in rêstdei yn de Tour en dy wol Westra brûke om te herstellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)