Lieuwe fan foaren yn de Tour

09 jul 2013 - 18:23

Lieuwe Westra hat him tiisdei goed sjen litten yn de tsiende etappe fan de Tour de France. De rêstdei moandei hat de ynwenner fan De Tynje goed dien. Hy wie fan it begjin ôf belutsen by in ûntsnapping. Westra ried yn kopgroep fan fiif man, de maksimale foarsprong wie sa'n 4 minuten. Yn de finale nei Saint-Malo moast Westra úteinlik belies jaan. Woansdei lizze der foar Lieuwe Westra wer nije kânsen yn in tiidrit fan 33 kilometer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)