Liet Ynternasjonaal oer de grins

13 feb 2003 - 00:00

Liet Ynternasjonaal giet mooglik de grinzen oer. Fan takom jier ôf soe it sjongfestival, mei ferskes yn in minderheidstaal, hâlden wurde kinne yn it lân fan de winner. Politike fertsjintwurdigers fan Europeeske minderheidstalen komme yn april by elkoar om in bredere ferzje fan Liet Ynternasjonaal op te setten.

De helte fan de kosten, 250.000 euro, betellet de Europeeske Mienskip, as de regio's út East-Europa meidwaan kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)