Liet Ynternasjonaal nei Sweden

03 okt 2007 - 09:57
  • It Kulturens Hus yn Lulea, it poadium foar Liet Ynternasjonaal 2008

Liet Ynternasjonaal, it sjongfestival foar minderheidstalen, sil yn oktober 2008 plakfine yn de Noard-Sweedske stêd Lulea. Yn 2006 wie it festival ek al yn Sweden, mar doe yn de stêd Östersund. It festival soe dit jier plakfine yn de Súd-Frânske stêd Narbonne, mar de Oksitanen krigen it budzjet en de organisaasje net rûn.

It is it doel om Liet Ynternasjonaal yn 2009 wer nei Ljouwert te heljen, yn 2010 giet it festival nei Skotlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)