Liet Ynternasjonaal nei Sweden?

19 okt 2005 - 11:34

It is noch ûnwis oft Liet Ynternasjonaal takom jier yn it Sweedske Ostersund hâlden wurdt. In Sweedske delegaasje wie yn it wykein by Liet te gast. De Finske en Sámi minderheid yn Sweden wolle takom jier Liet Ynternasjonaal organisearje.

De Sweedske minderheden ha by ferskate fûnsen subsydzje-oanfragen rinnen. Foar de ein fan it jier moat dúdlik wêze oft Liet Ynternasjonaal yn Sweden trochgean kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)