Liet Ynternasjonaal kompleet

04 nov 2012 - 14:55
  • Yldau, winner Liet 2012

De dielnimmerslist foar Liet Ynternasjonaal is kompleet. As lêsten binne de winners fan it festival Suns yn de Friûlyske stêd Udine yn Italië taheakke. Sy meie op 1 desimber nei Astûrië foar Liet Ynternasjonaal. Dat sil wêze yn 'e havenstêd Gijón/Xixón.

Fryslân wurdt fertsjintwurdige troch Yldau. De oare dielnimmers komme út gastlân Astûrië, Baskelân, Bretanje, Friûlië, de Sami ut Noarwegen, Skotlân, Udmûrtsië út Ruslân, Korsika en de Nedersaksen út East-Fryslân yn Dútslân.

De winners fan it Sunsfestival yn Udine wiene Claudia Crabuzza en Claudio Gabriel Sanna. Sy komme út Alghero, fan 'e Katalaansktalige minderheid op Sardinië. Crabuzza en Sanna makken in soad yndruk op sjuery en publyk mei harren duet 'Que triste que es la tarde'. It is foar it earst dat Liet Ynternasjonaal in Katalaansktalich liet fan Sardinië presintearret. It minderheidstalefestival Suns yn Udine belibbe ôfrûne wykein syn fjirde edysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)