Liet Ynternasjonaal giet troch

19 des 2002 - 00:00

It is wis dat der in twadde edysje komt fan it minderheidstale-sjongfestival Liet Ynternasjonaal. De provinsje Fryslân stiet garant foar de begrutting fan it festival. Deputearre Mulder wol dat de organisaasje besiket om de dielnimmende regio's en Europa meibetelje te litten. Mar as dat net slagget stiet de provinsje garant.

Liet Ynternasjonaal waard foar it earst yn april hâlden en krige in protte omtinken yn 'e media, ek by BBC en CNN.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)