Liet-nominaasje foar Angeline

18 apr 2009 - 00:46
  • De sjuery fan Liet mei f.l.n.r. Geertrui Visser, Frits Sieswerda en Sytse Haima

Solo-sjongeres Angeline, Jouke Douwe de Vries fan Dokkum en de jonge band One of the Others fan Nij Beets binne freed nominearre foar de finale fan Liet 2009. Op de tredde foarronde fan Liet yn Kollum waarden tsien nije ferskes yn it Frysk presintearre troch likefolle bands of solo-artysten.

Angeline fan Surhústerfean makke yndruk mei de jazzy ballad Piter en Gryt. Jouke Douwe de Vries ferraste mei in gefoelige ballad yn eigentiidske drum and bassútfiering.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)