Liet: by minsken thús sliepe?

28 maaie 2004 - 00:00

De dielnimmers fan Liet Ynternasjonaal kinne wol by partikulieren oernachtsje. Dat soe de kosten drukke en dat kin it festival trochgean. Dat idee libbet yn 'e Fryske polityk om it festival te rêden. De FNP en de SP wolle harren dêrfoar ynsette.

It suksesfolle festival driget dit jier nei twa jier net troch te gean. Reden is dat Europa de subsydzje ynlûkt om't der te min gearwurking is mei oare regio's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)