Liet aanst yn Prinsetún

05 maaie 2012 - 17:19

Yn de Prinsetún yn Ljouwert wurdt sneon it Fryske Lietfestival hâlden. De dielnimmers trede op op in spesjaal poadium dat heal yn in fiver stiet. It poadium is freed ek al brûkt foar de muzikanten by de deadebetinking.

De alve dielnimmende artysten of groepen wurde beoardiele troch in faksjuery. Der is ek in publykspriis. De winner mei nei Liet Ynternasjonaal dat yn desimber yn Astûrië yn Noard-Spanje is. Liet yn de Prinsetún begjint om seis oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)