Liet 2005 rjochtstreeks op tv

09 okt 2005 - 13:51

Omrop Fryslân TV stjoert op sneon 15 oktober 2005 foar it earst yn de skiednis de finale fan Liet 2005, it Fryske sjongfestival, rjochtstreeks út. Dêrby is in aktive rol foar de sjoggers weilein. Dy kinne nammentlik troch te beljen of te SMS-en stimme op hárren winner.

In profesjonele sjuery bepaalt 50 prosint fan de útslach, it publyk de oare 50 prosint. De útstjoering begjint om 20.15 oere, nei it waarberjocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)