Liet 2002 giet ynternasjonaal

14 des 2001 - 00:00

It Fryske sjongfestival Liet giet dit jier foar it earst ynternasjonaal. Nei de 'gewoane' ferzje mei in ferskaat oan Fryske artisten is der de oare deis in minderheidstalefestival. De Fryske winner ferdigenet dêr de eare fan it heitelân.

De ynskriuwing foar Liet is fan freed ôf iepensteld. Formulieren binne te krijen op telefoannûmer 058 - 233 02 30.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)