Liedings en dakruten stellen

11 sep 2007 - 12:28

Ut in leechsteand hûs oan de Haadstrjitte yn Beetstersweach binne koperen liedings en kranen stellen. De dief is yn it wykein it hûs ynkaam troch in doar te fernielen. Alle liedings en kranen binne fuort.

Yn Wommels is út in appartemintegebou yn oanbou in tal dakruten stellen. Dat wie yn 'e nacht fan snein op moandei. Wat de wearde fan it stellen guod is, is net bekend. It boubedriuw hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)