Lieder Marco Bos wint wer

05 jul 2007 - 22:33

Marco Bos fan Roden hat tongersdei it kritearium fan Hoogkerk wûn. Op dizze fjirde dei fan de meardaagse fan it Noordenveld-Westerkwartier wie hy de sterkste yn de massasprint. Arjan Stroetinga fan Aldeberkeap waard twadde. Berry Nagelhout (Doornspijk) tredde en Tonny Teuben fan De Knipe fjirde.

Yn it algemien klassemint bliuwt Marco Bos yn de giele trui, Arjan Stroetinga hat in achterstân fan 25 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)