Lidwien is bêste oersetter

16 mrt 2012 - 14:07

In learlinge fan 6 gymnasium fan skoalle Liudger yn Drachten hat de earste priis wûn by de earste oersetwedstriid klassike talen. Lidwien Fabius wie de bêste yn it fak Gryksk. Der diene mear as 90 learlingen fan skoallen út Fryslân, Grinslân en Drinte oan de wedstriid mei. Se moasten in stik tekst fan in ûnbekende skriuwer yn it Nederlânsk oersette.

De wedstriid wie ein febrewaris ûnder tafersjoch fan de heechleararen Gryksk en Latyn fan de Ryksuniversiteit Grins. Lidwien krige har priis juster, op de dei fan de moard op Julius Caesar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)