Lichte froast yn Fryslân

16 apr 2014 - 07:49

Op ferskate plakken yn de provinsje hat it yn de nacht fan tiisdei op woansdei licht ferzen. Dat seit waarman Piet Paulusma. Under oare yn Grou, Lippenhuzen en Ljouwert kaam de temperatuer ûnder it friespunt. Dat soarge der foar dat woansdeitemoarn betiid autoruten skrabe wurde moasten. Lanlik sjoen sakke de temperatuer noch folle mear. It kâldst waard it yn Volkel mei -7,2 graden.

Piet warskôget der foar dat de felle sinne dy't der moarns stiet foar gefaarlike sitewaasjes soargje kin. Ferkearsdielnimmers kinne der troch ferbline wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)