Licht herstel wenningmerk

10 okt 2013 - 10:38
  • Hús te keap

De wenningmerk herstelt him hiel foarsichtich. Yn it tredde kwartaal fan dit jier binne yn Fryslân 2,7% mear wenningen ferkocht as yn it twadde kwartaal. Yn fergelyk mei it tredde kwartaal fan 2012 is der sprake fan in stiging fan 10%, sa docht bliken út sifers fan de Nederlandse Vereniging van Makelaars. De prizen sakje noch wol, mar net mear sa hurd.

Yn fergelyk mei in jier lyn binne de huzeprizen 6,4% sakke. Dit fearnsjier is der 1,4% fan de priis ôfgien. In Frysk hûs stiet gemiddeld 158 dagen te keap.

De gemiddelde ferkeappriis fan in hûs yn Fryslân is goed 163.000 euro. Neffens de NVM is der mear fertrouwen yn de wenningmerk. De feriening warskôget wol foar tefolle optimisme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)