Lichemsdiel fûn op Froskepôle

03 jul 2009 - 12:47
  • Plysje is dwaande mei ûndersyk

Der is in lichemsdiel fûn yn rekreaasjegebiet de Froskepôle by Ljouwert. De plysje is dwaande mei in grut ûndersyk. It hiele eilantsje is ôfset. Minsken meie der yn alle gefallen oant snein net komme, ek net dejingen dy't der mei de boat lizze. Rekreanten wurde fuortstjoerd en it farferkear wurdt omlaat mei buorden.

De plysje wol allinne befestigje dat foarbygongers tongersdeitejûn in lichemsdiel fûn hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)