Lichem man út Wolvegea fûn, oare man noch fermist

16 jan 2015 - 15:00
  • Sykaksje nei fermiste man
  • Nei dizze 70-jierrige ynwenner fan Jobbegea wurdt noch socht

De plysje hat freed it lichem fûn fan in 90-jierrige ynwenner fan Wolvegea. Yn de Tjongerfallei waard nei him socht. Dêrby is ûnder oare in plysjehelikopter ynset. Der wurdt net útgien fan in misdriuw.

Nei de oare fermiste man, in 70-jierrige ynwenner fan Jobbegea, wurdt noch altyd socht. De plysje giet fan it slimste út. Sûnt tongersdeitejûn waarden beide mannen fermist.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)