Lichem fûn yn wetter Hylpen

10 feb 2014 - 12:40

Oan de Oosterdijk yn Hylpen is moandeitemoarn om alve oere it lichem fan in deade man yn it wetter fûn. In foarbygonger merkte it stoflik omskot op. De plysje is op it plak fan de fynst mei in ûndersyk begûn, dêrby waarden ek dûkers ynsetten.

De plysje kin noch net sizze oft it om in misdriuw giet, mar docht autopsy op it lichem om de deadsoarsaak fêst te stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)