Lichem fûn yn PM-kanaal

01 maaie 2010 - 11:59

De plysje hat sneontemoarn in lichem fûn yn it PM-kanaal by Skûlenboarch. It giet nei alle gedachten om de 69-jierrige man út it Grinzer Termuntersyl dy't freedtejûn yn it wetter fallen is. It lichem is fûn op 100 meter fan it plak dêr't de man yn it wetter foel.

De plysje begûn sneon om 10.00 oere wer mei de syktocht, nei't freed neat fûn waard. Dêrby waard gebrûk makke fan sonar. De man wie mei syn boat ûnderweis nei Toppenhûzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)