Lichem fûn yn Kanadamar

05 aug 2004 - 10:53

Yn de Kanadamar by Elslo is tiisdei it stoflik omskot fûn fan de 16-jierrige asylsiker út Appelskea dy't dêr freed ferdronken is. It lichem is fûn op in plak dêr't earder noch net socht wie. It stoflik omskot wie dêrhinne ôfdreaun.

Yn de fjouwer dagen dat er socht is, hat it wetter ôfsletten west foar it publyk. De gemeente Eaststellingwerf ferwachtet dat de Kanadamar yn de rin fan woansdei wer iepensteld wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)