Lichem fûn, sykaksje stopset

29 nov 2015 - 13:00
  • Berging sonken motorboat

De sykaksje op de Iselmar nei it lichem fan de twadde opfarrende fan in motorboat, is sneintemiddei om trije oere stopset. Fanwege it minne waar kin de sonarapparatuer net mear brûkt wurde. Boppedat soarget de oanheljende wyn foar tefolle gefaar foar de plysje op it wetter. De sykaksje giet moandei fierder.

Earder waard it lichem fan in man fûn. Dûkers hellen it stoflik omskot út it wetter. Nei alle gedachten giet it om ien fan de opfarrenden. It lichem is oan wâl brocht foar identifikaasje.

Sûnt freed fermist

De beide manlju sieten op in motorboat dy't freed sonk by de Lemmer. De plysje tinkt dat der in oanfarring west hat. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)