Lichem fermiste siler fûn

19 jul 2008 - 16:03
  • De man foel by Breesândyk fan de boat

De siler dy't 10 july op de Iselmar by Breesândyk fan in boat foel en sûnt dy tiid fermist waard, is sneontemiddei weromfûn. It lichem fan de man dreau yn in natoergebiet by Warkum. It giet om in ynwenner (49) fan Eindhoven.

It Korps Landelijke Politiediensten hat it lichem út it wetter helle. Neidat de man oerboard sloech, hawwe Kustwacht en KLPD oerenlang nei de man socht. Dêrby waard doe ûnder oaren in helikopter ynset, mar sûnder resultaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)