Lichem fermiste Lemster fûn

30 aug 2004 - 15:16

Op de Iselmar by de Lemmer is sneon it lichem fûn fan de 38-jierrige man dy't sûnt ferline wike fermist waard. Kuierders seagen it lichem yn it wetter lizzen, ûngefear oardel kilometer fan it plak dêr't de man ferdronken wie.

De wetterplysje hat it lichem út it wetter helle. De man wie 21 augustus op it wetter efter in rubberboatsje oanswom dat fuortdreaun. Hy rekke ûnder wetter en kaam net wer boppe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)