Lichem fermiste frou fûn

20 nov 2006 - 10:00

Yn de bosk by Wolvegea is sneintemiddei it lichem fan in frou fûn. It giet om de frou dy't al mear as in moanne fermist waard. Hûnen fan de rêdingshûneklub ha it lichem fûn. Famylje fan de fermiste frou hie de rêdingsklub frege te sykjen yn de bosk.

Earder hie in wiidweidige sykaksje mei in helikopter neat opsmiten. De frou is net troch in misdriuw om it libben kaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)