Lichem fan Urker fisker identifisearre op Skiermûntseach

21 aug 2015 - 11:54

Op Skiermûntseach is it lichem identifisearre fan in Urker fisker dy't yn 1968 ferdronken is. Dat meldt Omroep Flevoland. Op Skiermûntseach spielde yn dat jier in lichem oan. Dat hat doe in anonym grêf krigen. Ut DNA-ûndersyk hat no bliken dien dat it lichem fan Albert Zwaan is.

Hy siet yn '68 op it skip de UK 91. Dat is yn jannewaris fan dat jier boppe It Amelân fergong. Zwaan wie doe 28 jier en liet in frou en fjouwer bern nei. De famylje fan Zwaan is ynformeard oer de identifikaasje. Wat der mei it lichem dien wurdt, is noch net dúdlik.

It kin wêze dat Zwaan herbegroeven wurdt op Urk, of dat der in stien komt op it grêf op Skiermûntseach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)