Lichelle Wong wint mearkamp

20 jun 2009 - 17:03

It wie sneon in histoarysk momint by it NK turnjen yn Rotterdam: Michelle Wong is de earste 'Fryske' kampioene op de mearkamp by senioaren wurden. Nei jierrenlang yn de lapekoer sitten te hawwen, turnde se no foar it earst wer in wedstriid. Wong hat in operaasje oan de skouder en ankels hân. Se hie in prima puntetotaal. De Brabânske turnet op It Hearrenfean.

Celine van Gerner fan Kampen waard kampioen by de mearkamp foar junioaren. Sy traint ek op It Fean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)