Libbene kryststâl yn Ljouwert hellet jild op foar dakleazen

22 des 2015 - 16:24

Op it Waagplein yn Ljouwert is tiisdeitemiddei om trije oere de libbene kryststâl útein set. De kryststâl wurdt organisearre troch Rotaryclub Oldehove. Sy sammelje jild yn foar de dak- en thúsleazen yn de haadstêd. In part fan de opbringst giet dit jier nei de flechtlingen yn it WTC Expo yn Ljouwert. De flechtlingen binne ek útnoege om lâns te kommen.

Njonken de fertroude gesichten yn de kryststâl lykas Jozef en Maria en de hoeders, sille der ek ferskate artysten fan Liet 2015 optrede. Sy farre op in pream troch de Ljouwerter grêften.

De libbene kryststâl is tiisdei en woansdei fan 15.00 oant 21.00 oere te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)