'Libben ko kin ferlingd wurde'

26 sep 2013 - 19:11
  • Kij yn 'e greide

It libben fan melkkij moat yn elts gefal twa jier langer duorje kinne. Dat is de ambysje fan it SmartDairyFarming projekt, dêr't boeren, bedriuwen, ûndersikers en kennisynstellings yn gearwurkje oan ynnovaasjes op it mêd fan bistsûnens, fruchtberens en iten.

Tongersdei kamen projektdielnimmers byinoar yn Koudum foar in sympoasium oer de takomst fan management op in melkfeehâlderij. Benammen sensors dy't molkeproduksje, sûnens en de fruchtberens mjitte, sille in wichtige bydrage leverje oan it ferlingen fan it libben fan in ko.

In langere libbensdoer smyt net allinnich mear molke op, boeren kinne ek besparje op de opfok fan jongfee. Boppedat kin de sektor better ynspylje op de fraach nei duorsume produksje en it maatskiplik ferlet om mear oandacht te hawwen foar it wolwêzen fan de bisten. Ien fan de sân boeren dy't meidocht oan it SmartDairyFarming projekt is Anton Stokman fan Koudum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)